Bergsma sterk yn Noarwegen

06 jul 2007 - 22:43

Jorrit Bergsma fan Aldeboarn is nei de tredde dei fan it Norsk Sykle Festival noch altyd de nûmer twa yn it algemien klassemint. Fokke Postma fan Drachtsterkompenije stiet op it fiifde plak.

Freed waard Jorrit Bergsma tsiende. De lêste tsien kilometer fan de etappe gong steil omheech. De meardaagse yn Noarwegen duorret oant en mei snein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)