Les fia ynternet

© Omrop Fryslân
Mei in ynternetprojekt fan de NHL en Kabelnoord yn Dokkum kinne skoallen yn it fuortset ûnderwiis op de Waadeilannen iepen bliuwe. Under de namme Waddenkampus krije learlingen fia ynternet les fan in dosint op de fêste wâl.
Sa kinne de skoallen iepen bliuwe. Oars soenen guon skoallen mooglik yn 2010 slute moatte. Ek it Dockinga College yn Dokkum en de Friese Poort dogge mei oan it projekt.