Sluting Bakkersland ûnferwacht

06 jul 2007 - 12:17

De sluting fan de festiging fan Bakkersland op De Gordyk komt foar de fakbûnen ûnferwacht. It wie wol bekend dat it net goed gie mei de keten, mar op sluting waard net rekkene. Earder waard tocht oan reorganisaasje. De direksje makke tongersdei bekend dat de Fryske festiging ticht moat. Dan reitsje 44 minsken har baan kwyt.

Sneon ha de fakbûnen oerlis mei it personiel fan Bakkersland op De Gordyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)