Eangst om seehûnesykte nimt ôf

© Omrop Fryslân
Der liket gjin epidemy ûnder seehûnen te wêzen. Dy eangst wie der nei't tal fan deade seehûnen op Deenske eilannen fûn wienen. Yn 2002 en 1988 binne tsientûzen bisten stoarn troch de seehûnesykte. Undersyk moat noch útwize oft de bisten troch dit firus siik wurden binne.
Ut foarsoarch wurde de bisten yninte, dy't yn Pieterburen binnenbrocht wurde. Fanwegen it minne waar komme der in soad gûlers binnen.