Kramer direkteur Menameradiel

Jehannes Kramer is no direkteur/gemeentesiktaris
Jehannes Kramer fan Sibrandabuorren is beneamd as algemien direkteur en gemeentesiktaris fan Menameradiel. Hy wie al sûnt septimber waarnimmer yn dy funksje. Fan 2003 oant maaie 2004 wie Kramer de earste riedsgriffier fan Menameradiel. Fan febrewaris 2005 ôf hat er yn ferskate managementfunksjes by de gemeente wurke.
Jehannes Kramer is ek fraksjefoarsitter fan de FNP yn provinsjale steaten.