Festival iepenet nij seizoen

© Omrop Fryslân
It nije kulturele seizoen yn Hearrenfean en Skarsterlân wurdt ein augustus iepene mei in festival. By it Postkoetsfestival binne allegear foarstellingen en presintaasjes te sjen by it Posthûsteater en op oare lokaasjes. De foarstellings binne fergees tagonklik.
It festival wurdt organisearre troch it Posthuisteater, yn gearwurking mei oare kulturele organisaasjes en de gemeente Skarsterlân.