NK Klunen yn Langwar

06 jul 2007 - 10:01

Yn Langwar is sneontemiddei om 4 oere op keunststofiis it NK klunen. Dat is in primeur. Op de keunststofiisbaan ha reedriders deselde glydwjerstân as op natueriis. De organisaasje neamt de útfining in geweldige ympuls foar it reedriden.

It nasjonale klúnkomitee ferwachtet sa'n 100 dielnimmers mei ek toppers út it maratonriden lykas Peter de Vries en de âld-riders Hilbert van der Duim, Yep Kramer en Jan Ykema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)