NHL levert 2 dosinten Frysk ôf

06 jul 2007 - 09:38

Op 6 july wurde de earste twa foltiidsstudinten Frysk fan de NHL diplomearre. De oplieding bestiet sûnt fjouwer jier en lûkt ûngefear ien studint jiers. De measte oankommende dosinten Frysk folgje net de foltiids oplieding, mar de fleksibele dieltiid fariant yn de jûnsoeren.

De earste ôfstudearre foltiders hawwe al wurk. Femke Jongsma giet nei Piter Jelles yn Dokkum. Hille Morel van Mourik wurket by EduFrysk fan 'e AFUK.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)