Berkepas wint de Masters

© Omrop Fryslân
Klaas Berkepas, Pieter Scharringa en Daniel Iseger hawwe de Masters op It Hearrenfean wûn. Yn in spannende finale wûnen sy mei alles oan 'e hang fan Rutmer van der Meer, Jacob en Chris Wassenaar. Op 5-5 en 6-6 pleatste Berkepas in sitbal. Partoer Van der Meer hie de hiele wedstriid de lieding en kamen sels op in 5-3 en 5-5 6-2 foarsprong.
De keatsparty waard ferline wike freed stillein troch it minne waar.