Fokke Postma 2e yn Noarwegen

© Omrop Fryslân
Fokke Postma fan Drachtsterkompenije hat tongersdei op de twadde dei fan it 'Norsk Sykle Festival' in kreas twadde plak helle yn it kritearium fan Sogndal. De oerwinning wie foar de Let Lasis.
Jorrit Bergsma fan Aldeboarn waard fjirde. Yn de etappe fan Fagernes nei Laerdal helle hy in dei earder ek al in fjirde plak. Dizze meardaagse yn Noarwegen duorret noch oant en mei snein.