Winst Bouwmeester op WK

© Omrop Fryslân
Roelof Bouwmeester fan Warten hat op de wrâldkampioenskippen silen yn Portugal de tredde wedstriid yn de Laser wûn. Yn it klassemint stiet hy no trettjinde. Finn-siler Pieter Jan Postma fan Terkaple is stroef begûn. Hy stiet fjirtjinde yn it klassemint.
Marije Faber en Petronella de Jong stean yn de Yngling-klasse op it achtste plak. Mei itselde tal punten binne Brechtje van der Werf en Marije Kampen njoggende.