Sjirurgen Nij Smellinghe top 3

05 jul 2007 - 21:23
Foto: Omrop Fryslân

De sjirurgen fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten presteare goed, neffens in ranglist fan it wykblêd Elsevier. De list is gearstald op grûn fan medyske spesjalismen. De sjirurgen fan Nij Smellinghe stean op it tredde plak. Regionaal sjoen steane se boppe oan.

Foar it ûndersyk is nei de miening frege fan húsartsen, spesjalisten, ferpleechkundigen, managers en bestjoerders fan sikehûzen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)