Dyk Snits iepen fanwege simmer

© Omrop Fryslân
De Prins Hendrikkade yn Snits giet moandei iepen foar alle ferkear. De dyk wurdt op it stuit werynrjochte. Om oerlêst foar te kommen yn it simmerseisoen, hat de gemeente besletten it stik tusken de Oosterpoortsbrêge en de Gedempte Pol tydlik iepen te stellen.
De Prins Hendrikkade is in belangrike trochgeande dyk yn it sintrum fan Snits. Ein augustus wurdt er wer ôfsletten, om it wurk dien te meitsjen