Ofskied boargemaster Dales

05 jul 2007 - 17:55

Yn in grutte tinte op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert is tongersdei ôfskied naam fan boargemaster Dales.

Nei trije jier hâldt er op en wurdt er bestjoersfoarsitter fan de Hegeskoalle InHolland. Op syn lêste wurkdei gong er noch even op besite by in tal Ljouwerters. Lykas by de 86-jierrige frou Van der Velde. Se skreau him in brief om him te betankjen foar syn ynset foar de stêd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)