Bakkersland De Gordyk ticht

05 jul 2007 - 16:59
Foto: Omrop Fryslân

De festiging fan Bakkersland Banket op 'e Gordyk giet ticht.

It bakken fan haadsaaklik cake wurdt oerpleatst nei oare lokaasjes fan Bakkersland. Troch de sluting ferlieze 44 minsken harren baan. Neffens de direksje is de maatregel needsaaklik fanwege de fûle konkurrinsje yn de cake-bransj.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)