Roy Beerens nei Hearrenfean

05 jul 2007 - 15:20

Roy Beerens hat in kontrakt fan trije jier tekene by Sportklub Hearrenfean, mei in opsje foar noch in jier. Beerens komt oer fan PSV, mar waard it ôfrûne seizoen troch dy klub ferhierd oan NEC. Dêr spile hy 14 kear yn de basis en skoarde hy twa kear.

Yn Eindhoven koe de 19-jierrige oanfaller gjin basisplak ôftwinge. PSV woe it kontrakt fan Beerens wol ferlinge en him dan wer ferhiere, mar hy tekenet leaver by Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)