24 optredens yn 24 oeren

Ilanois yn de studio by Edwin Evers fan Radio 538
Fjouwerentwintich optredens yn 24 oeren. En dat alles om in single te promoaten.
De Fryske band Ilanois toert sûnt tongersdeitemoarn hiel betiid troch it lân om ferskate plakken harren nije plaat te spyljen. Yn muzykwinkels, op stasjons, op strjitte en by radiostasjons. Oeral binne de mannen te hearren. De start wie healwei fjouweren by in tankstasjon by Amstelveen.