Provinsje wol earmoedfûns

05 jul 2007 - 11:35

De provinsje Fryslân wol om tafel mei nutsbedriuwen en jildsjitter om in apart earmoedfûns op te rjochtsjen.

De bedriuwen soene dêr jild yn stoarte moatte. En dat jild moat brûkt wurde om it ûntstean fan skulden foar te kommen. Dat kin troch minsken jild foar te sjitten foar de tiid dy't der sit tusken it oanfreegjen en it krijen fan in útkearing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)