Stridende partijen sille prate

De stridende partijen yn de gemeente Littenseradiel sille de kommende fakânsjeperioade brûke om ta in oplossing te kommen foar de bestjoerskrisis.
Dat hawwe de partijen woansdei oanjûn by de lêste riedsfergadering foar de simmerstop. Boargemaster Liemburg hat earder dizze wike al mei de VVD om tafel sitten en dat sil neffens beide partijen yn de simmer noch in ferfolch krije.