Partoer Van der Bos wint Harns

04 jul 2007 - 20:40

Gert Anne van der Bos hat woansdei syn earste krâns yn de haadklasse wûn. Op de Hotze Schuil útnoegingspartij yn Harns wie de 18-jierrige Holwerter mei syn maten Jan Willem van Beem en Chris Wassenaar krekt te sterk - alles kaam oan 'e hang - foar Simon Minnesma, Herman Sprik en Pier Piersma.

Op 5-5 en 6-6 sloech Jan Willem van Beem de lytse keats foarby. Chris Wassenaar waard kening, hy krige de brûnzen Hotze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)