Strjitten splis troch rein

04 jul 2007 - 16:38
Reinwetter yn Bûtenpost: oerlêst foar de ien, wille foar de oar

Swiere buien ha woansdei op 'e nij op in soad plakken foar oerlêst soarge. Op ferskate plakken koe it rioel de grutte mannichten wetter net yn ien kear ferwurkje.

Yn Burgum kaam tusken de middei yn in kertier tiid 30 mm reinwetter nei ûnderen. Yn Bûtenpost kamen strjitten ûnder wetter te stean. De ôfrûne dagen hawwe swiere buien al faker foar in soad oerlêst soarge.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)