Ljouwerter mei wapen oppakt

04 jul 2007 - 14:50

De plysje hat tiisdeitenacht yn in hús yn de wyk Aldlân yn Ljouwert man (45) oanhâlden op fertinking fan ferbean wapenbesit. De plysje wie warskôge neidat in rúzje yn it hús heard wie.

Doe't de plysje yn 'e hús kaam, seagen se it wapen lizzen. De bewenner waard dêrop meinommen nei it buro. De wenning is hielendal trochsocht en doe waarden nochris trije gewearen, in gaspistoal en munysje fûn. Alles is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)