Flyers helje Kanadees

04 jul 2007 - 13:53
Foto: Omrop Fryslân

Iishockeyklub Vadeko Flyers hat foar takom seizoen de Kanadeeske ferdigener Oriel McHugh oanlutsen. De 26-jierrige Kanadees komt oer fan de Laredo Bucks út de Central Hockey League. Mei de komst fan de ferdigener is de seleksje fan de Flyers sa goed as rûn.

McHugh begûn syn karriêre by de Vermont Catamounts. Hy spile ek noch foar de Bakersfield Condors. Dy ploech komt út yn de trije-nei-heechste divyzje fan Noard-Amearika.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)