Snits jout gegevens net

04 jul 2007 - 12:52

Boargemaster Brok fan Snits sil gjin gegevens oer útprosedearre asylsikers oan it ryksregear trochjaan. Hy hat dit antwurde op fragen fan de Sosjalistyke Partij. Brok fynt dat boargemasters net it wurk hoege te dwaan fan de steatssiktaris fan justysje en har amtners.

Brok sei tiisdei yn de riedsgearkomste dat Snits ek net de beskikking hat oer in list mei nammen fan sokssoarted minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)