PvdA L'diel: konflikt útprate

De leden fan de PvdA Littenseradiel wolle dat de fraksje it konflikt útpraat mei Liemburg
De leden fan de PvdA yn de gemeente Littenseradiel wolle dat har riedsfraksje de problemen mei boargemaster Johanneke Liemburg útpraat. En dat soe de bêste kâns fan slagjen ha mei help fan in bemiddelder fan bûten.
De PvdA-fraksje wol dat Liemburg opstapt, omdat se har ferantwurdlik hâlde foar it eskalearjen fan it konflikt yn it kolleezje. Woansdeitejûn is der wer in riedsgearkomste.