Warkumers yn tou foar IFKS

03 jul 2007 - 22:27

De Sylferiening Warkum sil de wedstrydlieding fan de IFKS-silerij op him nimme. Dêrmei is it kampioenskip fan dit jier feilich steld.

Nei it fuortstjoeren fan de kommisje generaal wie it spannend oft der op 'e tiid in oare partij fûn wurde soe om de deistige gong fan saken fan de silerij op him te nimmen. De kommisje waard oan de kant set as gefolch fan de hurde striid yn de IFKS oer de dielname fan it skip Nynke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)