Schouwenaar nei Al-Nassr

Schouwenaar: mei Booy nei Saudi-Arabië...
Cambuur moat op syk nei in nije assistint-trainer. De fakatuere ûntstiet omdat Gerrie Schouwenaar tiisdei in kontrakt tekene hat by de klub Al-Nassr yn Saudi-Arabië. Schouwenaar wurdt yn it Arabyske lân de rjochterhân fan Foeke Booy. De âld-Ljouwerter hat dêrfoar syn tsjinstferbân by FC Utrecht opsein.
Booy en Schouwenaar wiene al sûnt dit wykein yn Saudi-Arabië om te ûnderhanneljen mei Al-Nassr.