Ald-Drachtster nei It Parool

03 jul 2007 - 13:58

Barbara van Beukering wurdt nei alle gedachten de nije haadredakteur fan It Parool.

Van Beukering is opgroeid yn Drachten en dochter fan de eardere boargemaster fan Skylge. Van Beukering is no noch sjef fan it Volkskrant Magazine. Dêrfoar wurke se ûnder oare foar ferskate tillefyzjestjoerders en wie se ûnder oare haadredakteur fan it tiidskrift BLVD. Tongersdei wurdt se foarlein oan de redaksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)