Bedriuw APA komt nei Ljouwert

Tiisdeitemoarn binne de plannen presintearre yn it stedhûs yn Ljouwert
It bedriuw APA, dat sinnesellen makket, komt nei Ljouwert. Dat betsjut wurk foar sa'n 35 minsken.
APA lit witte dat it goedkeaper sinne-enerzy omsette kin. Op termyn sil dan oer gien wurde op massaproduksje. Dat soe dan sa'n 500 wurkplakken opsmite. It bedriuw komt earst op de James Wattstrjitte. Nei de bouwfak wurdt der begûn mei de bou fan it pân op it bedriuwenpark West.