Nijpels bekleit him oer SAR

03 jul 2007 - 11:01

Kommissaris Nijpels is tsjin it ferpleatsen fan de SAR-helikopters fan de fleanbasis Ljouwert nei Den Helder.

Nijpels hat dêroer in brief skreaun oan de fêste keamerkommisje fan definsje. Dêryn bekleit er him ek oer it feit dat hy net op de hichte steld is fan de útkomst fan it ûndersyk nei it meast geskikte stânplak. Nijpels fynt dat der foarby gien wurdt oan de organisaasje fan de helpferliening yn it noarden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)