Ynbraak bakkerij Skearnegoutum

03 jul 2007 - 10:10

De plsyje siket tsjûgen fan in ynbraak yn de nacht fan moandei op tiisdei yn in bakkerij oan de Fridsmastrjitte yn Skearnegoutum.

In personielslid wie yn de bakkerij oan it wurk, doe't er leven hearde yn de winkel. De man seach dêr twa oare manlju. Der ûntstie in wrakseling, mar de ynbrekkers slaggen der yn om út te naaien. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha, oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)