Amtners fytse bedrach byinoar

03 jul 2007 - 06:48

De aksje 'Fiets het verschil' hat yn Fryslân 6500 euro opsmiten. Wurknimmers van soarchfersekerer De Friesland, de Provinsje en de plysje Fryslân kamen in moanne lang op de fyts nei har wurk. Se fytsten yn totaal 35.000 kilometer. It jild giet nei goeie doelen lykas it reuma- en kankerfûns.

Doel fan de aksje is om mear minsken op de fyts te krijen. De aksje krijt in ferfolch yn 2008.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)