LDODK wint rom fan Tempo

24 mrt 2012 - 22:24

De kuorballers fan LDODK ha yn de earste wedstriid fan de krúsfinale in flinke tik útdield. Yn sporthal Koartsweagen op De Gordyk waard Tempo mei 26-18 ferslein. Tempo út Alphen aan den Rijn, de kampioen fan de haadklasse A, waard fûl op 'e hûd sitten. Troch dy bêste ferdigening bleau it skoaren fan Tempo ûnder de maat. By thúsploech LDODK, de nûmer twa fan de haadklasse B, rûn it oanfallend folle better.

Erwin Zwart (10 goals) en Sieta Bijker (7x) wiene sa tûk as de brân. Boppedat wie LDODK meastal baas ûnder de koer.

Takom sneon is de twadde wedstriid, dan yn Alphen aan den Rijn. By winst spilet LDODK wer in wike letter (7 april) yn Papendrecht tsjin de winner fan it twalûk OVVO-Eibernest. De winner fan dy wedstriid spilet takom seizoen yn de kuorbal league. OVVO út Maarssen wûn de earste wedstriid yn Den Haach mei 26-25 fan Eibernest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)