Ried Littenseradiel útsteld

De PvdA en de VVD lieten moandeitejûn ferstek gean by de riedsgearkomste fan Littenseradiel
De riedsgearkomste fan Littenseradiel fan moandeitejûn is útsteld oant woansdeitejûn.
Reden is dat it fereaske tal leden net oanwêzich wie. De PvdA en de VVD lieten ferstek gean yn ferbân mei de bestjoerskrisis dy't geande is. Op de aginda stiet wol de maaitiidsnota en dêr moat gau in beslút oer naam wurde. At PvdA en VVD woansdei ek net by de riedsgearkomste binne dan kinne der wol beslúten naam wurde.