Earste Touring Trophy

© Omrop Fryslân
Yn septimber wurdt de earste Friesland Touring Trophy holden. It giet hjir om in autotocht fan West-Fryslân oant fier yn Denemarken, it saneamde Magna Frisia gebiet.
De opbringst fan de tocht oer fjouwer dagen giet nei de Tjalling stichting mei it doel om jongeren mei in beheining sporte te litten. Oan de toertocht dogge in fjirtich ploegen mei, werûnder de Ljouwerter wethâlders Bleize en Waanders.