Fuotbalfjild Droegeham ticht

© Omrop Fryslân
De fuotbalclub fan Droegeham oerwaget sportpark 't Doltsje ôf te sluten as der gjin wedstriden of trainingen binne. Foarsjenningen op it sportpark wurde hieltiid stikken makke, benammen de netten en de dugouts moatte it belije.
De fuotbalclub hat âlden frege mei de bern te praten oer de fernielings, want as der net wat feroaret moat it kompleks ticht as der gjin aktiviteiten binne.