Enkête parkearen Lemsterlân

02 jul 2007 - 10:40

De gemeente Lemsterlân hâldt in enkête ûnder sa'n 300 ynwenners en hûndert ûndernimmers fan De Lemmer om der achter te kommen oft der ferlet is fan mear parkearplakken yn it sintrum fan it doarp. Benammen simmerdeis, at der in soad toeristen yn it wettersportdoarp binne, moatte minsken lang sykje om in plakje foar de auto.

De gemeente wol no witte at de ynwenners en de ûndernimmers bygelyks in parkeargaraazje wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)