Jonge út Gau botst op brêge

02 jul 2007 - 10:06
Foto: Omrop Fryslân

By in ûngelok yn Gau is sneintejûn in 18-jierrige jonge út it doarp ferwûne rekke. It slachtoffer ried op syn brommer oer de Boeijengastrjitte en klapte troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in brêge oan.

It slachtoffer hie ferskate ferwûnings en waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)