Stekpartij yn Ljouwert

02 jul 2007 - 10:04
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei yn Ljouwert in 37-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak oanholden foar in stekpartij. De fertochte en in 34-jierrige Ljouwerter krigen spul. It slachtoffer waard mei in skerp foarwerp yn it gesicht stutsen, mar rekke net ferwûne.

De fertochte naaide út rjochting de Westersingel, dêr't er yn it wetter sprong. De man sit noch fêst op it buro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)