Ungelok op A32 by Haskerdiken

02 jul 2007 - 10:00
Foto: Omrop Fryslân

Op de A32 by Haskerdiken is sneintemiddei in famylje út Akkrum ferwûne rekke. In 35-jierrige frou rekke troch ûnbekende oarsaak mei de auto fan de dyk en rûn troch de klap rêchletsel op.

Twa jonkjes fan 5 en 3 en in 35-jierrige man dy't by har yn de auto sieten moasten ek mei ferwûnings nei it sikehûs brocht wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)