Dokkumers meiinoar op de fûst

01 jul 2007 - 16:06
Foto: Omrop Fryslân

Twa Dokkumers rekken sneon oerdeis slaande deilis op de Stasjonswei. Dêrby rekke ien fan de manlju ferwûne oan syn foet. Dy 35-jierrige hat oanjefte dien by de plysje. De oare man, fan 38 jier, die op syn beurt ek oanjefte tsjin de 35-jierrige.

Wat krekt de oanlieding wie foar de rûzje ûndersiket de plysje noch. Wol is dúdlik dat beide manlju inoar al in hiel skoft kenne. De plysje sil noch prate mei tsjûgen en belutsenen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)