Keatspartij yn Harns ôflast

© Omrop Fryslân
De haadklassekeatspartij foar manlju yn Harns is midden yn de partij definityf stilset. Troch it minne waar is it fjild net bespylber, fynt skiedsrjochter Peter de Bruin. In soad keatsers binne it der net mei iens en wolle trochgean. Der wiene al twa partijen spile.
It keatsbûn giet no op syk nei in nije datum foar de partij yn Harns. Ofrûne freed waard it keatsen op It Hearrenfean ek al ôfsein.