Follybalmanlju Snits kampioen

24 mrt 2012 - 18:01

De follybalmanlju fan Snits binne sneon kampioen wurden yn de earste divyzje. De ploech wûn oertsjûgjend mei 4-0 fan Zwolle en promovearret dêrtroch nei de B-league. It kampioenskip kaam ûnferwachte foar de manlju, dy't oan it begjin fan 'e kompetysje oer in smelle seleksje beskikten. Benammen de jonge talinten dy't geandewei oanlutsen waarden, hawwe boppe ferwachting prestearre.

Ek de follybalfroulju fan Snits hawwe noch kâns op in priis. Sy spylje om it kampioenskip fan Nederlân tsjin Sliedrecht Sport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)