Schouwenaar nei Saudi-Arabië

Gerrie Schouwenaar
Fuotbaltrainer Gerrie Schouwenaar giet nei alle gedachten nei Saudi-Arabië, as assistint fan trainer Foeke Booij. Sneon binne Schouwenaar en syn saakwaarnimmer yn it fleantúch nei Ryaad stapt om de lêste details fan it kontrakt mei Al-Nasr Athletic te bepraten.
Schouwenaar wie de lêste moannen fan dit seizoen trainer fan Cambuur, as ferfanger fan Roy Wesseling. Cambuur hat foar takom jier al in nije trener.