Fersnippering Waadjild driget

30 jun 2007 - 16:45

Minister Cramer fan Milieu is bang foar fersnippering fan it Waadfûns. Dat sei se sneon yn Ljouwert op in oerlis mei alle oerheden en ynstânsjes dy't belutsen binne by it Waad.

Der komt no 33 miljoen út it Waadfûns beskikber foar goede natuerprojekten. It jild is foarearst noch net foar ekonomyske projekten. De útkearing fan it jild moat net te fersnippere gebeure, sa fynt minister Cramer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)