Dolsma wint triatlon Stiens

30 jun 2007 - 15:35

De earste triatlon fan Stiens is sneon wûn troch Henk Jan Dolsma út Grins. Hy die 1 oere, 55 minuten en 49 sekonden oer it parkours. Twadde waard Stefan van der Pal. Hy hie sawat twa minuten efterstân op Dolsma. It tredde plak wie foar Menno Iedema.

De triatlon luts sawat 250 dielnimmers en wie dêrmei fuortendaliks ien fan de grutste fan Noard-Nederlân. Dielnimmers koene kieze tusken in kwart en in achtste triatlon.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)