Nije keeperstrainer by It Fean

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub Hearrenfean hat Albert van der Sleen (44) oanlutsen as keeperstrainer. Van der Sleen hat in kontrakt foar ien jier tekene. Hy komt oer fan FC Eindhoven.
Van der Sleen sil by Hearenfean ûnder mear keeper Vandenbussche en twadde keeper Van Dijk begeliede. Dy lêste hat by Hearrenfean ek in oanstelling as keeperstrainer. Van der Sleen hat sels aktyf west as keeper by Eindhoven en NEC.