Dútske jonge skopt

© Omrop Fryslân
In jonge fan 12 út Dútslân is freedtejûn mishannele op de Suderseeleane yn Warkum. Hy is troch twa oare jonges skopt en slein.
Neffens it slachtoffer waard er sûnder oanlieding oanfallen. De twa dieders hearden by in groepke fan fiif jonges. De Dútse jonge rekke net ferwûne, mar wie bot fan de kaart. Hy hat oanjefte dien. De plysje ûndersiket de saak.