Aksje by nij gemeentehús Grou

It nije gemeentehús fan Boarnsterhim is hjoed offisjeel yn gebrûk nommen
By de iepening fan it nije gemeentehûs fan Boarnsterhim is freed aksjefierd. Skoalbern en memmen kamen yn aksje foar de bou fan in nij swimbad yn Grou. De groep is benaud dat no't de gemeente finansjele tekoarten hat de realisaasje wer net trochgean sil.
Ek ynwenners fan Idaerd protestearren. Idaerd wol dat de gemeente de feart útbaggeret dy't it doarp ferbynt mei de Wergeasterfeart.