WTC mei fierder ûntwikkelje

29 jun 2007 - 17:58

De gemeente Ljouwert en it bestjoer fan de stifting Prins Bernhardhoeve ha oerienstemming berikt oer it ûntwikkeljen fan it WTC-Expo yn Ljouwert, it eardere FEC. De stifting kin it gebiet no ûntwikkelje. Der komt ûnder oare in hotel.

Ek sille alle beurzen en oare eveneminten konsintreard wurde yn Ljouwert. It parkearterrein by it WTC wurdt ôfsletten foar ferkear. Der wurdt betelle parkearen ynfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)